Plukgeluk
Oan't ôfrûne 1 oktober 2021 koene Arumers en oare belangstellenden prachtige fjildblommen keapje fan in ryklik ynsiedde stik lânbougrûn oan de van Cammingahwei oan de súdeastkant fan Arum. Dêrfoar 'kocht' men ien of mear kante meters foar € 10. De hiele simmer hie men dan moaie boeketten fan de eigen kante meter(s)
Dit wie in inisjatyf fan de Rotary Frjentsjer en lâneigner Wigle Sinnema.
De opbringst fan dizze blomme-aksje waard oer trije goede doelen ferdield, en de fûgelwacht Arum wie dêr ien fan. (de oare doelen wiene stifting Leergeld en Sterke Yerke)
Sa krige ús foarsitter Marten Douna op 28 oktober te hearren dat ús fûgelwacht mei dizze sympatike aksje in bedrach fan € 2500,= kriget, ûnder betingst dat dêr in bepaald projekt mei bekostige wurdt.
Wy tankje de Rotary Frjentsjer dan ek tige foar dizze moaie ynstruier, en wy fine der grif in moaie bestimming foar!